Waadferiening slacht nij paad yn

© Omrop Fryslân
De Waadferiening hat in opmerklike koerswiziging ynset. De feriening wol op de eilannen kantoaren opsette en yn 'e mande mei eardere tsjinstanners, lykas VVV's en ûndernimmers, it Waad promoatsje. Boppedat wurdt de feriening kommersjeler.
Op de eilannen stiet de Waadferiening bekend as te militant en ekstreem. Geregeld binne der konflikten oer fiskerij en toerisme. Dêr wol de feriening fan ôf.