Friezen yn finale WK-keatsen

22 nov 2002 - 00:00

De Fryske ploech op it WK-keatsen hat him pleatst foar de finale fan it llargues, it saneamde jeu de pelote. Fryslân wûn sûnder al te grutte problemen mei 6-1 fan Itaalje en mei 6-3 fan Frankryk. Benammen Klaas-Anne Terpstra wie op dreef by it llargues.

Spanje is de tsjinstanner yn 'e finale fan it jeu de pelote. De finalepartij wurdt sneontemoarn ferkeatst op it grutte plein yn it sintrum fan Paraná yn Argentinië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)