Dongeradiel stipet biblioteken

22 nov 2002 - 00:00

De gemeente Dongeradiel jout finansjele stipe oan de Stichting Openbare Bibliotheek Dongeradeel. De biblioteek hat in tekoart fan goed 12.000 euro en de gemeente folt in part dêrfan oan. Betingst is dat de biblioteek sels ek jild op it kleed bringt.

Yn de ried waard tongersdei fierder dúdlik dat de biblioteek goed 7.000 euro fan de gemeente krijt om de managementtaken út te wreidzjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)