Grut tal ynbraken oplost

21 nov 2002 - 00:00

Mei de oanhâlding fan twa mannen hat de plysje in grut tal ynbraken oplost. De mannen (25 en 27), beide út Ljouwert, ha yn twa wiken tiid fyftjin kear ynbrutsen. Dat barde allegear nachts of op jûntiid yn Ljouwert. Se stielen út in tsjerke wei, in SRV-wein en sloopten frisdrink- en snobbersguodautomaten.

Fan de ferkeap fan it guod kochten se drugs. Se wienen noch mar krekt op frije fuotten. By de ynbraken ha se foar tsientûzenen euro's skea makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)