Eigner keapet Aquaverium

© Omrop Fryslân
De eksploitaasje fan de permaninte wettertentoanstelling Aquaverium is ferkocht. De eigner fan it gebou yn Grou, Komen Vastgoed Beheer út Heerhugowaard is de keaper. It pân is boud troch Westerbaan dat op dit stuit yn finansjeel swier waar sit.
It fuortbestean fan it Aquaverium is troch de ferkeap fersekere. Al it personiel kin gewoan bliuwe. Mooglik komt der sels in útwreiding fan de aktiviteiten.