Súdwesthoeke docht it goed

© Omrop Fryslân
De Súdwesthoeke docht it wat de ekonomy oangiet better as de rest fan de provinsje. Dat komt troch in hege eksport. Yn ferliking mei de rest fan it lân docht Noard-Nederlân it goed. De Rabobank hat de ekonomyske sitewaasje ûndersocht.
It Súdeasten mei de plakken Drachten en It Hearrenfean dogge it minder goed. It is opfallend dat it A7-gebiet it net goed docht. Dy sône wurdt sjoen as it plak fan de ekonomyske groei.