Glêzen koepel bank hast klear

19 nov 2002 - 00:00

Net inkeld de Achmeatoer is it earste wat út de fierte wei al fan Ljouwert te sjen is. De grutte glêzen koepel fan de Friesland Bank is ek hast klear. De boukraan fan sechtich meter is tiisdei út elkoar helle.

Freed wurdt de lêste glêzen plaat set. Der is dan in lyts feest. De oplevering fan it gebou is pland foar takom jier maart. De ferbouwing en nijbou fan it haadkantoar fan de bank hat mei elkoar tweintich miljoen euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)