Deiblêd komt mei wykbylage

19 nov 2002 - 00:00

It Friesch Dagblad komt kommende wike mei in nije lanlike krante. De nije útjefte komt ien kear yn de wike út bûten Fryslân en krijt de namme 'Het goede leven' mei. Der komme artikels yn dy't earder al yn it Deiblêd pleatst binne. Dêrby wurdt dúdlik in kar makke op ynformaasje dy't yn oare kranten net te finen is, lykas tsjerklik nijs.

Haadredakteur Kooistra rûst de doelgroep op sawat 200.000 minsken, mar rekkent foarearst op 5000 abonnees.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)