Lokaasje foar skoalle Akkrum

18 nov 2002 - 00:00

De nije basisskoalle yn Akkrum komt mooglik op it plak dêr't earst it azc komme soe. De buert, dy't in azc net sitten seach, hat tsjin in grutte skoalle gjin beswier.

De nije skoalle komt yn plak fan trije oare skoallen yn Akkrum en Nes. Der sitte mei-inoar sa'n 450 bern op. Guon âlden binne net sa wiis mei de lokaasje fanwege de ferkearssitewaasje. De bern moatte oer in drokke dyk by Nes fytse en oer in spoaroergong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)