Oanrinhûs wol ek op sneon iepen

© Omrop Fryslân
It oanrinhûs foar dak- en thúsleazen yn Ljouwert wol besykje tenei ek op sneon iepen te wêzen. Op dit stuit is de yntertsjerklike dei-opfang allinnich sneins iepen. Der is in soad ferlet fan opfang om't yn it wykein it Leger des Heils en de Terp ticht binne.
Alle sneinen komme der goed 70 minsken nei it oanrinhûs. Om ek op sneon iepen te wêzen binne 40 ekstra frijwilligers nedich. Koördinator Vis ferwachtet net dat dat in drege saak wurdt.