Erfurt: Thomas 5de op 1500 meter

17 nov 2002 - 00:00

Annamarie Thomas wie snein de bêste Nederlânske rydster by de Worldcup yn it Dútse Erfurt. Thomas lei de 1500 meter ôf yn 2.00,53 en waard dêrmei fyfde. Cindy Klassen wûn de ôfstân yn 1.58,47. Klassen wûn earder ek al de 500 en tûzen meter.

Pechstein waard twadde yn 1.58,50, tredde Anni Friesinger. Marja Vis waard sande yn 2.00,87, Renate Groenewold waard njoggende yn 2.01,04, Barbara de Loor tolfde yn 2.01,88.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)