Plysjeman krijt klap yn Dokkum

© Omrop Fryslân
Yn Dokkum hat in plysjeman sneontenacht in klap krigen fan in jongeman(18) út Driezum. De Driezumer wie belutsen by in fjochtpartij. Doe't de plysje yngripe woe, krige ien fan 'e plysjes in klap yn it gesicht. De Driezumer is oanhâlden. De plysjeman is net ferwûne.
In 22-jierrige Makkumer wie sneontenacht dronken oan it spookriden op de A32 fan Akkrum nei It Hearrenfean. It rydbewiis fan 'e man is yn beslach nommen.