Keatsers ûnderweis nei Paraná

17 nov 2002 - 00:00

In delegaasje Fryske keatsers ûnder lieding fan bûnscoach Jehannes Brandsma is snein op it fleantúch nei Argentinië stapt foar it WK keatsen yn Paraná. Der dogge acht lannen mei: Argentinië, Equador, Frankryk, Itaalje, Kolumbia, Nederlân (Fryslân), Spanje en Uruguay.

De Fryske ploech bestiet út Jochum Bouma, Arie den Breejen, Marten Feenstra, Johan van der Meulen, Sake Porte, Klaas Anne Terpstra en Chris Wassenaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)