Bernlef: parsepriis is erkenning

© Omrop Fryslân
Op it parsebal yn Ljouwert krige studinteferiening Bernlef út Grins sneon de jierlikse parsepriis. De feriening krige de priis omdat se by it trelit om 'e Fryske Kameleonfilm de parse 'net socht en net mijd hawwe'.
De 'tsjinstanners' fan Bernlef, útjouwerij Kluitman en Steven de Jong, kinne hjir hiel wat fan leare, sei foarsitter Eric Ennema fan 'e sjuery. Bernlef sjocht de parsepriis as erkenning foar syn krewearjen.