Erfurt: Postma 9de op 1500m

© Omrop Fryslân
By de wrâldbekerwedstriden yn it Dútse Erfurt waard Ids Postma sneon 9de op de 1500 meter yn in tiid fan 1.50,11. Postma wie de tredde Nederlander nei Wennemars(4de) en Hersman(7de), mar bleau wol mannen as Tuitert en Uytdehaage foar.
De 1500 meter waard wûn troch de Amerikaan Parra yn 1.47,48. De Russen diene it goed op de 1500 meter; Lalenkov waard twadde yn 1.47,75 en Kibalko tredde yn 1.47.75.