Westerbaan ferliest 70 banen

© Omrop Fryslân
By boubedriuw Westerbaan fan Ljouwert ferdwine mooglik 70 fan de 120 banen. Sa'n 50 wurknimmers meie bliuwe. Sy moatte dan wol meigean nei in nij bedriuw dat de winstjouwende opdrachten fan Westerbaan oernimt. Alle oare opdrachten wurde staakt. De direksje fertelde dit sneon oan de meiwurkers.
Boubedriuw Westerbaan sit yn finansjele swierrichheden omdat se grutte risiko's nommen hawwe mei tal fan mânske projekten, lykas Crystalic.