Cambuur wint fan Sparta mei 2-4

© Omrop Fryslân
Cambuur naam freed revanche op himsels. Waard foarige wike yn Ljouwert noch mei 7-1 ferlern fan Heracles, no fersloegen de Ljouwerters yn Rotterdam Sparta mei 2-4. De haadrol wie foar de 22-jierrige Lionel Lord dy't trije kear skoarde.
Cambuur kaam op in foarsprong fan 0-2 mar koe dy net lang fêsthâlde. It waard 2-2, mar dêrnei soargen Bruin en Lord foar de winst mei 2-4. It wie net in heechsteande wedstriid, mar der waard wol striid levere.