Klameare wer iepen

© Omrop Fryslân
Warkumers kinne foar in jûntsje fuort wer telâne yn De Klameare. It kultureel sintrum is freed wer iepene, nei in ferbouwing. Dy wie nedich om oan de feiligenseasken te foldwaan.
De ferbouwing hat 350.000 euro koste. De Klameare hat foar dat jild in wiere metamorfoaze ûndergien. Ek it pjutteboartersplak en Te Plak, in tsjinst foar lytse putsjes, ha yn De Klameare har ûnderkommen.