Automaten net op tiid omboud

© Omrop Fryslân
De measte eksploitanten fan sigarette-automaten binne op 1 jannewaris net klear mei de ynfiering fan de 'age key'. Begjin takom jier moatte alle automaten foarsjoen wêze fan in leeftydskontrôlesysteem.
Fia de chip op de bankpas kin de automaat dan lêze oft de persoan âlder is as 16 jier. It projekt is ûnderdiel fan de nije tabakswet. Nei ferwachting sille sa'n 250 automaten net op 'e tiid omboud wêze.