Ekstra tribunes op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
Sportklub De Jouwer sil ekstra tribunes pleatse foar de bekerwedstriid tsjin earedivysjeklub FC Grins. Troch de ekstra tribunes kinne 4.000 supporters de wedstriid op 4 desimber bywenje. Der is oars mar plak foar 2.000 minsken op it sportpark fan 'e Jouwer.
De Jouwer sjocht no definityf ôf fan it útwiken nei it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. De ljochtmêsten by it fjild bliuwe fanwege de wedstriid tsjin Grins ekstra lang stean.