Popronde docht Ljouwert oan

© Omrop Fryslân
De popronde, in reizgjend festival, docht freed Ljouwert oan. Unbekende Nederlânske bands presintearje har op it festival dat yn tsien stêden hâlden wurdt. Yn Ljouwert steane bands programmeare yn ferskate gelegenheden lykas Mukkes, Silbermann en Wolwêze. Der is in afterparty yn De Gloppe.
Jierliks wurde 100 bands selektearre. Betingst is dat se eigen materiaal spylje. De popronde is in inisjatyf fan Stichting Popwaarts.