Terp is yn orizjinele steat

© Omrop Fryslân
Folslein yntakt is de hannelsterp Nijehove yn de Minnemastrjitte yn Ljouwert. Dat docht bliken út ûndersyk fan in argeologysk advysburo. De terp datearret út de Midsieuwen en is net oantaaste troch lettere bouwurksumheden.
It advysburo wol dat de gemeente de terp gewurde lit. De gemeente wol dêr huzen en in parkearkelder bouwe. As de kelder der komt, moat de gemeente in grut argeologysk ûndersyk útfiere litte.