'De overval' komt út op dvd

14 nov 2002 - 00:00

De film De overval wurdt útbrocht op dvd. De film is in klassiker op it mêd fan de Nederlânske film. Hy is makke nei it boek fan dr. Lou de Jong en waard fjirtich jier lyn opnommen.

De film is restaurearre by it Nasjonaal Filmynstitút yn Amsterdam. It Fersetsmuseum yn Ljouwert bringt de film no op 'e nij út. De dvd giet 20 desimber yn premiêre by in útstalling dy't oer de oerfal yn de Ljouwerter finzenis giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)