Tolve toprestaurants yn Fryslân

13 nov 2002 - 00:00

Restaurant De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach is de bêste ytgelegenheid yn Fryslân. Yn de gids Lekker stiet it restaurant dat by hotel Lauswolt heart op in 28e plak. Der steane 500 toprestaurants yn Nederlân yn. Ferline jier stie it restaurant noch op in 71e plak.

Restaurant De Koriander yn Drachten is fan in 60e nei in 69e plak op de list sakke. Mei elkoar steane der tolve Fryske toprestaurants yn de gids.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)