Tenbult net fierder mei Flyers

13 nov 2002 - 00:00

IIshockeyclub de Formido Flyers hat mei yngong fan woansdei ôfskied nommen fan trainer Andy Tenbult. De spilers- groep hie gjin betrouwen mear yn him. It bestjoer stie noch wol achter him, mar Tenbult hat op basis fan de reaksjes fan de spilers sels besluten net fierder te gean mei de Flyers.

Der komt gjin ferfanger, om't dêr gjin jild foar is. De resultaten fan de Flyers wiene dit seizoen net bêst. Der waard 8 kear ferlern en mar 4 kear wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)