Tichelaar en Straub op PvdA-list

© Omrop Fryslân
Jacques Tichelaar fan Oranjewâld stiet op it sechde plak fan de konseptlist fan de PvdA foar de Twadde Keamer- ferkiezings. Dat is woansdei yn Den Haach bekend makke.
Dat Tichelaar op de list komme soe, wie hast wol ferwachte. In gruttere ferrassing is de kandidaat op nûmer 25: distrikssjef Straub fan de plysje yn Smellingerlân. Straub wie earder sjef fan de plysje Fryslân. De definitive list wurdt sneon fêststeld.