Smellingerlân wurket oan wenten

13 nov 2002 - 00:00

Yn Smellingerlân wurdt takom jier in wenningmerk-analyze dien. Dat hat de gemeente besletten. Smellingerlân hat himsels it doel steld om 300 huzen te bouwen. Dat moatte benammen hierwenten wurde.

Yn noardeast-Drachten wol de gemeente mear ferskaat. Der wurdt tocht oan 50 hierwenten en 50 keapwenten. De PvdA en de FNP yn de ried fan Smellingerlân wolle dat der in stimulearringsfûns foar goedkeapere huzen komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)