Stimadvys foar steaten op web

13 nov 2002 - 00:00

Der komt in provinsjale webside dy't kiezers in stimadvys jaan kin foar de steateferkiezings. By de lanlike ferkiezings waard in soartgelikense side troch in hiel soad minsken besocht.

Op de side moat in frageformulier ynfold wurde. De kompjûter besjocht dan op hokker partij jo it bêste stimme kinne. It opsetten fan de webside kostet de provinsje 10.000 euro. Om't der ek in Fryske ferzje makke wurdt, is der noch 3000 euro ekstra nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)