Van der Hoek út lanlike polityk

© Omrop Fryslân
Annet van der Hoek fan Frjentsjer hat gjin plak krigen op 'e kandidatelist fan 'e PvdA foar de Twadde Keamer. Van der Hoek is 'teloarsteld en lulk' oer it beslút fan 'e partij om har gjin plak te jaan op de nije list.
'Fernijing' is neamd as argumint om Van der Hoek fan 'e list te skrassen. Van der Hoek kaam yn 1998 yn 'e Keamer. By de ferkiezings fan maaie stie se wol op 'e list, mar foel se bûten de boat troch de minne útslach fan 'e PvdA.