Dyk by azc De Lemmer moat ticht

12 nov 2002 - 00:00

De iepening kommende moandei fan it nije asylsikerssintrum op De Lemmer is ûnwis wurden. De rjochter hat ferbean om de tagongsyk te brûken om't it net om in tydlike dyk giet. As de belangrykste wei net tagonklik is, kin de brânwacht net tastean dat it azc brûkt wurdt.

De gemeente Lemsterlân wol fia de Rie fan Steate besykje dat de tagongsdyk wol iepensteld wurde mei foar persoanen en ferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)