Minnerstgea wol nij doarpshûs

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Minnertsgea wolle in nije multifunksjoneel sintrum hawwe, en dat it leafst op in oar plak as it besteande doarpshûs. Dat docht bliken út in enkête, útfierd troch Doarpsbelang.
It nije doarpshûs soe oan de súdkant fan it doarp komme moatte, by it sportkompleks. Dêr binne genôch parkearplakken. Doarpsbelang stelt in kommisje oan dy't ûndersiket oft de plannen helber binne.