Aqualutra wer ferkocht

11 nov 2002 - 00:00

Otterpark Aqualutra wurdt troch eigner Libéma ferkocht oan it bedriuw Zodiac Zoos út Warnsveld. Allinne de trije fêste meiwurkers binne wis fan har baan.

Aqualutra waard ferline jier troch Libéma oernomen nei't it park yn finansjele swierrichheden rekke wie. It bedriuw krige dêrby de tasizzing fan oerheden dat der finansjele stipe komme soe. Dy kaam net, reden foar Libéma om it park fan de hân te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)