Sânklapper Heracles yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Cambuur hat sneon in grutte klap krige fan Heracles. Yn it eigen stadion ferlearen de Ljouwerters mei 1-7 fan de Almeloërs. 'Man fan de Wedstriid' wie Rik Platvoet, dy't fiif goals foar syn rekken naam. Katipana makke de Ljouwerter goal.
Cambuur einige it spul mei njoggen spilers. Rogers en Veltman moasten mei in reade kaart fan it fjild ôf. Under de wedstriid wie it ûnrêstich op de tribunes.