Protest tsjin belestingferheging

11 nov 2002 - 00:00

Yn Wommels binne sneon goed 400 hântekens sammele tsjin ferheging fan de ûnreplik-saak-belesting. It gie om in aksje fan de Sosjalistyske Partij. De gemeente Littenseradiel wol de tariven in fjouwer jier tiid mei 43 persint ferheegje.

De SP wol de hântekens oanbiede oan boargemaster en wethâlders fan Littenseradiel. De partij fynt de ferheging fan de belesting fierstente heech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)