Boubedriuwen hawwe it dreech

© Omrop Fryslân
In soad Fryske boubedriuwen hawwe it dreech. Dat befestiget de organisaasje fan ûndernimmers yn de bou, Bouwnet. It giet benammen om bedriuwen dy't har spesjalisearre hawwe yn de wentebou.
De bou fan wenten stagnearret trochdat der te lang te djoere wenten boud binne. Boppedat freegje gemeenten faak te folle jild foar de bougrûn, sa seit Bouwnet. Gefolch hjirfan is dat hieltyd mear minsken dien krije.