Nij begraafplak kostet 3 miljoen

© Omrop Fryslân
It nije begraafplak yn Drachten kostet de gemeente mear as 3 miljoen euro. It nije begraafplak komt oan de noardkant fan Drachten. Yn it bedrach fan 3 miljoen is ek de bou fan in nij gebou foar de behearder opnaam.
Fierder komt der in parkearplak en in lûdswâl. De gemeenteried sil letter pas in beslút nimme oer de tariven foar it begraafplak. It kin noch wol in pear jier duorje foar't der foar it earst begroeven wurde kin.