Deadlik ûngemak by Wommels

© Omrop Fryslân
Op de Van Eisingaleane tusken Easterein en Wommels is sneontemiddei in 21-jierrige ynwenner út Littenseradiel om it libben kaam by in auto-ûngemak. De plysje ûndersiket noch wat der krekt bard is. Dúdlik is wol dat de man by it ynheljen fan in oare auto fan de dyk rekke is.
De brânwacht wie mei twa ienheden oanwêzich om it slachtoffer út de auto te heljen. De man wie doe lykwols al ferstoarn.