Alde boeken ûnder de hammer

© Omrop Fryslân
De Tille yn Ljouwert hie it sneon mar drok. In kolleksje âlde boeken en printen soarge foar in grutte tarin yn de boekewinkel. Publyk koe him fêst oriintearje op in antikwaryske kolleksje, dy't woansdei feild wurdt.
Yn totaal geane woansdei 550 seldsume útjeften ûnder de hammer. De boeken en printen binne oanbean troch partikulieren. Ien fan de topstikken is in bibel út 1534. Dy moat seistûzen euro opbringe.