Yndiaaske sfear by filmfestival

09 nov 2002 - 00:00

It Noardlik Filmfestival duorret takom jier in dei langer om't de belangstelling hieltyd mear tanimt. It festival stie freed yn it ramt fan de Yndiaaske Bollywoodfilms. Bollywood is in gearlûking fan Bombay en Hollywood.

Hiele famyljes kamen yn har moaiste klean nei De Harmonie yn Ljouwert om de film Devdas te sjen. Oanslutend wie in Bollywood dûnsfeest. Der wie in Hindoestaanske dj. Hy kombinearret easterske en westerske eleminten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)