Theo van der Bles folget Verf op

© Omrop Fryslân
Theo van der Bles folget Willem Verf op as provinsjaal listlûker fan Grien Links. Hy sit yn de gemeeneried fan Weststellingwerf en wie earder wethâlder. By de earste fiif plakken op de kandidatelist steane noch trije nije minsken. Neffens de listlûker ha se allegear ûnderfining yn de polityk.
Grien Links hat no fiif sitten yn de Provinsjale Steaten en hopet der nei de ferkiezingen noch ien by te krijen.