Aksje foar Open Universiteit

© Omrop Fryslân
Sa'n trijehûndert studinten fan de Open Universiteit yn Ljouwert ha beswier makke tsjin de sluting fan de festiging yn de Fryske haadstêd. It kolleezje fan bestjoer wol seis festigingen slute, wêrûnder dy yn Ljouwert.
In part fan de studinten hat har feriene yn in aksjekomitee dat it plan fan it kolleezje keare wol. Fan de 750 studinten ha 300 in hantekening set. De hantekeningen wurde meikoarten oanbean oan it kolleezje fan bestjoer.