'Opsjitte mei loket jeugdsoarch'

08 nov 2002 - 00:00

De provinsje moat opsjitte mei it opsetten fan ien sintraal loket foar de jeugdsoarch yn Fryslân. Dat sei direkteur Yntema fan de GGZ-jeugd yn Fryslân freedtemiddei by de iepening fan in nije lokaasje fan de GGZ-jeugd op It Hearrenfean.

Yn dit sintrum kin jongerein telâne foar psychyske help. Yntema sei ek dat de GGZ eigen plannen ûntwikkelje sil, as der foar 1 jannewaris noch gjin dúdlikens is oer in sintraal loket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)