Bijman poer oer plannen De Boer

08 nov 2002 - 00:00

Deputearre Bijman is poer oer de nijste plannen fan ferkearsminister De Boer. Hy wol dat de provinsje jild dat bestimd is foar oanlis en ûnderhâld fan diken, brûkt om de tekoarten yn it iepenbier ferfier fuort te wurkjen.

De Boer wol provinsjebesjoeren sa de mooglikheid biede om foar te kommen dat der buslinen op it plattelân ferdwine. Neffens Bijman lost it plan fan De Boer neat op. De provinsje hat de bydrage hurd nedich foar ûnderhâld fan diken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)