Sluting Laurus op It Hearrenfean

08 nov 2002 - 00:00

Laurus wol it distribúsjesintrum op It Hearrenfean kommende maitiid slute. By it bedriuw op It Hearrenfean wurkje 188 minsken. Laurus besiket dizze wurknimmers by oare festigings ûnder te bringen.

It sintrum wurdt ôfstjitten om it bedriuw út de reade sifers te heljen. Op jierbasis smyt it in besparring op fan 5 miljoen euro. Laurus rekke yn de problemen troch de ombou fan de winkels nei it Konmar-konsept foarich jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)