Anty-fandalisme-projekt skoallen

08 nov 2002 - 00:00

De Fryske plysje set takom wike út ein mei in previnsjeprojekt foar bern op de basisskoalle tsjin krimineel gedrach. Fan de 510 Fryske legere skoallen hawwe har 200 oanmeld foar dielname.

Oant no ta wiene der fiif ferskillende fan sokke previnsjeprojekten. Dat is no dus ien wurden. De kosten bedrage 130.000 euro en dat wurdt betelle troch it Ryk en de provinsje. It is de bedoeling dat it de kommende jierren brûkt wurdt yn 'e lessen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)