'Untslaggen op boareilannen'

© Omrop Fryslân
De kâns dat op it Waad nei gas boarre wurdt, is lytser as de Twadde Keamer in nije belestingmaatregel goedkart. Dat ferwachtet de FNV. No hawwe gas- en oaljemaatskippijen noch geunstige regels. As dy ôfskaft wurde, besparret it kabinet 50 miljoen euro.
It boarjen yn lytse gas of oaljefjilden is lykwols net rendabel mear. De FNV ferwachtet dat der op de boarplatfoarms en de oanleverjende bedriuwen 2000 oant 3000 banen ferlern gean.