Brede oanpak fjoerwurkregels

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt in fjoerwurkprojektgroep. Dêrmei sille de provinsje en de 31 gemeenten besjen oft fjoerwurkbedriuwen de fergunning hâlde meie. Nei de fjoerwurkramp yn Enschede binne de regels stranger: parkearplakken moatte ferpleatst wurde en profesjoneel fjoerwurk mei inkeld mei tastimming fan de provinsje ôfstutsen wurde.
De projektgroep is oprjochte troch it Frysk Miljeu-oerlis yn gearwurking mei gemeenten, brânwacht en plysje.