Mountainbikers ferwûne rekke

07 nov 2002 - 00:00

In groep mountainbikers út Easterwâlde is dit wykein ferwûne rekke op in fytsrûte by Diever yn Drinte. In ûnbekende dieder hie in groppe groeven mei it doel de fytsers dêryn falle te litten.

Ien fan de slachtoffers, Jeroen Kampman, hat 20 hechtingen yn de holle. Syn fyts is dwers trochmidden rekke. Guon natuerleafhawwers wolle net dat der fytst wurdt mei mountainbikes. Der is earder ek al ris struid mei punêzes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)