Postbank iepent servicepunten

07 nov 2002 - 00:00

De Postbank iepent de kommende tiid in tal jild-servicepunten yn lytsere doarpen yn Fryslân. Dy komme yn besteande winkels. Dêr kin dan kontant jild, maksimaal 250 euro op in dei, opnommen wurde.

Neffens de Postbank hat foaral de âlderein hjir ferlet fan omdat guon muoite ha mei pinnen. Hoe folle jild- servicepunten Fryslân krekt krijt is noch net dúdlik. Lanlik giet it om 400 servicepunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)