Ferbod op tabaksreklame

07 nov 2002 - 00:00

Reklame foar tabak is fan tongersdei ôf ferbean op alle plakken, útsein tabakssaken. Yn kafees en oare hoareka meie gjin merknammen mear foarkomme op bygelyks posters en jiskepantsjes. Ek de gruthannel moat har oanpasse.

De reklame moat fan de automaten ôf en der moat in chippassysteem op. Dêrmei moat fan 1 jannewaris ôf foarkommen wurde dat bern jonger as 16 jier sigaretten helje út de automaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)